Claw Boys Claw

Claw Boys Claw

Op de alderearste gearkomst fan it Greidhoek’ Festival moast der in namme foar it festival betocht wurde en betocht wurde wat foar bands wy graach op it festival sjen wolle soenen. Dizze band kaam as earste op it bryfke; Claw Boys Claw. It slagge allinnich nea, want de sjonger fan Claw Boys Claw, Peter te Bos wie illustrator fan Lowlands en woe nei Lowlands altiten 6 wiken frij en it Greidhoek’ Festival foel altiten binnen dy 6 wiken. Wy binne der dan ek o sa bliid mei dat it no nei 7 jier eindelijk al slagge is om ‘t Peter te Bos spesjaal foar ús stoppe is mei tekenjen foar Lowlands;)
Claw Boys Claw is in Amsterdamse rockband, bestiet al sûnt 1985 en hat tusken 1997 en 2007 efkes frij naam. Yn 1991 stienen sy noch yn in útferkocht Dielshûs yn Wommels. Wat wolle je ek as je yn de advertinsje oankondige wurde as ‘blaartrekkende rock ‘n roll’. Jim kinne se dêrneist allegear fan it nûmer Rosie wat ferline jier sels foar it earst yn de Top 2000 stie (op nûmer 1760), mar steane wat ús oanbelanget noch folle mear bekend om harren enersjyke live-optredens.  Bob giet foar Superkid!

Oare artysten op Greidhoek' Festival