Dr. Vil Stimpestampe

Dr.Vil

Dr.Vil, bekend fan de Stimpestampe-feestjes, de Wonderland-events en û.o. de Funkyfriday yn Club Hemmingway, en minder bekend fan syn ynternasjonale tours troch û.o. Thailand. Hy soarget foar in (safolste) ûntmaachding foar it Greidhoek’ Festival. Net earder hat Bob in techno-dj útnoege, frjemd genôch.
Sjoen it grutte tal techno-leafhawwers yn de Greidhoeke, seker by de 30+, waard dat fansels heech tiid. Wy hawwe it dan net oer it rûge stamp-, hak- en seachwurk, mar oer subtile dance. It soartefan dance wêrfan je yn trance reitsje. Techno as seks. Wêrby it foarspul slo, switterich en broeierich tawurket nei in hichtepunt wêr ’t je geandewei it dûnsjen nei hunkerje. En it hichtepunt in ferburge ekstra dimensje yn him liket te hawwen. Dat soartefan ûntmaachding!
‘Kom der mar ris Bob!’

Oare artysten op Greidhoek' Festival