Katie Koss

Katie Koss

Katie Koss is in fleurige 21-jierrige sjongster-ferskesskriuwster. Yn 2015 stie sy ek al op it Greidhoek’ Festival. Sy stiet foaral bekend om har waarme bûtengewoane stimgelûd. Nei jierren as solo-artyste op lytskalige eveneminten stien te hawwen ûntstie der in 5-koppige band mei in nij karakter; elektronyske popmuzyk mei poëtyske teksten. Begjin 2017 brochten sy 2 singles út en dat smiet lyk optredens op ferskiedene podia op, it foarprogramma by LAKSHMI en úteinlik sels de winst op ‘De Kleine Prijs van Friesland’ en dêrmei in plakje op it Greidhoek’ Festival. It werkenbere stimlûd foarmet tegeare mei de elektronyske drums en synths foar in unyk Katie-Koss-lûd. Bob is fereale! Foar him is it Katie ‘Ross’!

Oare artysten op Greidhoek' Festival