Histoarje

Untstean Greidhoek’ Festival
Yn it begjin wie der Klomprock en doe kaam Bob. Fan in sympatike benefyt-muzykjûn foar swimbad De Klomp, groeide yn de geast fan Bob Ross it suksesfolle en alsidige Greidhoek’ Festival. De earste edysje yn 2011 waard troch Willem Wijnia, Wybren Jorritsma, Teade de Boer, Ate de Boer, Jos Cartens en Arnold Strikwerda opsetten, wêrby’t swimbadfoarsitter Lukas Offinga it foartou naam. In moai ploechje minsken mei in ferskaat oan kwaliteiten, mar mei itselde doel wat it festival oangie. Yntym, tsjin de tried yn, eigensinnich, kreatyf, jierliks, in unyk evenemint yn de regio fol muzyk en ferskate keunstfoarmen. De earste edysje waard lyk in grut sukses ek al barde dat yn in oaze fan wetter en drek. It wie benammen de sfear en de strakke organisaasje dy’t wurdearring krige bij de gasten en ek bij de artysten. Dat smakke nei mear. Yn 2012 kamen der al sa’n 800 besikers en dêrnei alle kearen sa’n 200 mear, sadat wy yn 2017 al op sa ‘n 1800 besikers sieten. Oant no ta binne alle edysjes prachtige sfearfolle festivals mei hearlike muzyk, iterij en nuveraardige keunstprojekten west.

Yn al dy jierren hawwe der al hiel wat artysten op it Greidhoek’ Festival stien:

2017 Jaap Prins & Roadhouse
 9 sep. Sebeare
  Zea
  Ciel
  Douwe Dijkstra & de sneue fertoaning
  Rooie Waas
  Jerrey Hormone Ego Trip
  Paceshifters
  Anbu Gang
  Claw Boys Claw
  Mark Foggo
   

 

2016 St. Tropez
 17 sep. The Blind Roofers
  Iguana Death Cult
  Pignose Willy’s
  Wouter van der Wal
  Hein Jaap Hilarides
  The Isuzus
  Assorted Travellers
  De Kat
  Jick Munroe and the Amazing Laserbeams
  Dance Explosion
  Pendants
  Nyk de Vries
  St Tropez
   

 

2015 Prof Nomad Sessions
 12 sep. Sunny Road Show
  Tseard Verbeek
  Jos Hannema
  Wouter van der Wal
  Katie Koss
  Afterpartees
  Orgaanklap
  Casa de la Muerte
  Ellen Schoenaerts
  Harm’s Fork
  Abdomen
  Wiegels Wjukkelmasine
  Bastard Sugar
  Dooxs
  De Tigers fan Greonterp
   

 

2014 Batmobile
 13 sep. Klavan Gadjé
  Diff
  Stuurbaard Bakkebaard
  Flying Trashcans
  Tale Kanaäns mei Nico Dijkshoorn
  Qlassy
  Annefloor Hoitinga
  Novelle
  Del Toros
  De Zoete Hanen
  Sväva
  Buffalo Roam
  The Homesick
  Kiss on the Rocks kaam net y.f.m. tryste famyljeomstannichheden

2013 Crazy/Daisy
 14 sep. Mr.Wallace
  Blackboxred
  Cosmic U
  Xigatze
  Einsteinbarbie
  Hallo Venray
  Magical Mistery Tour
  Femmes Vataal
  Willie Darktrousers
  Esther de Jong
  Miranda Hooijenga
  Eeltsje Hettinga
   

2012 The Fortunate Sons
 15 sep. Automatic Sam
  Henk & Melle
  dEROELS
  Meindert Talma en de Snakkers
  De Nije Gurbes
  Nyk de Vries
  Rezelman
  DJ Fumes
  Bob-X
  Tsjêbbe Hettinga
  Lody Franzen
   

2011 Boys Named Sue
 17 sep. Elmar Kuiper
  Tjerk Bootsma
  Voskovs Grodzemods
  Nicsz
  Ljoubjr
  Freddy Weima
  JPG
  12 strings and a band