Ynfo

Lokaasje

It Greidhoek’ festival fynt dit jier foar de 7e kear plak op it smûke Wommelser swimbadterrein Dit kear is it op sneon 9 septimber 2017.

De tagong nei it Greidhoek’ festival is oan de kant fan de jachthaven (fan de Terp-kant ôf te berikken). Hjir sille jim wer op in eigensinnige manier mei iepen earmen ûntfongen wurde.

Parkeare kin by Hankel’s parkearterrein oan de Koarte Baan en by de Jumbo oan de Terp. Buorden sille dúdlik meitsje hoe’t je op it festivalterrein komme. Ek kinne je fansels netsjes in plakje foar de auto fine earne oars yn Wommels. Bygelyks de parkearplakken fan de skoallen oan de Walperterwei binne hjirfoar geskikt.

Bob seit: “It parkearen is yn de hiele Greidhoek’ fergees.”

Tiid

It festival begjint dit jier om 16.00 oere en duorret, lykas alle fergelykbere aktiviteiten yn Littenseradiel, oan ’t stipt 1.30 oere.

Bob seit: “Moai Bob tiid wer thús dus.”

Tagongspriis

€ 12,- foar folwoeksenen (foarferkeap €10,-)
€ 5,- foar lju fan 13 oan ’t en mei 17 jier lykas 65+’ers.
Bern oant en mei 12 jier binne fergees en fansels elkenien dy ’t Bob hjit.

Bob seit: “Foar €40,- bist al Bopper en krijst 2 frijkaarten. Hjirfoar krijst neist leafde fan my in plak yn de Bob-100! Ek ast as bedriuw reklame meitsje wolst by ús, kinst frijkaarten krije.”

 

Stifting Greidhoek’ Festival

Sûnt maaie 2013 is de organisaasje fan it Greidhoek’ Festival oergien yn in stifting.
Oan de doelstellings feroaret fierder neat.

Nûmer Keamer fan Keaphannel: 58270906
Bankrekkennûmer: NL85RABO 0144959496

Bob seit: “Bob wurdt dochs gjin nûmer?”