OpperBoppers

Om it Greidhoek’ Festival troch te setten is kapitaal nedich, en dêr hawwe wy belutsen minsken foar nedich. Stypje kin op trije manieren: Bopper, OpperBopper as OpperOpperBopper. Kinst freon wurde – Bopper – of kinst as bedriuw ynfestearje – OpperBopper as OpperOpperBopper–, wêrmei de bedriuwsnamme troch ús aktyf promoaten wurde sil.

Skriuw it bedriuw yn troch hjir te klikken, of nim kontakt op mei Willem Wijnia: info@greidhoekfestival.nl 

Foar bedriuwen binne der dus twa stiperspakketten:

Haadstiper á € 500,-  (maksimaal 4 bedriuwen) (OpperOpperBopper)

  • In unike manier om it bedriuw yn de Greidhoeke te promoaten
  • Logo + link prominint op alle pagina’s fan dizze webside
  • Logo op posters, flyers, billboards
  • Nammefermelding yn parseberjochten
  • Ludike reklamemooglikheden ûnder it festival
  • Nammefermelding yn in tankadvertinsje
  • In útnoeging foar de Bobjûn
  • 10 frijkaarten

Stiper á € 100,- (OpperBopper)

  • In unike manier om it bedriuw yn de Greidhoeke te promoaten
  • Logo + link rûlearjend op alle sides fan ús webside
  • Logo + link op de webside ûnder de side ‘OpperBoppers’
  • Reklamemooglikheden op it grutte skerm op it festival
  • Nammefermelding yn in tankadvertinsje
  • In útnoeging foar de Bobjûn.
  • 4 frijkaarten

Bob: “Yn oerlis kin der fansels ek neitocht wurde oer oare stipersmooglikheden en reklame-úterings. Wy komme fêst ta in moaie Boblossing!”