Programma Greidhoek’ Festival bekend makke!

Geplaatst op: mei 15th, 2017

Kening Bob hat ôfrûne freed op de Bobjûn foar frijwilligers en stipers fan it Greidhoek’ Festival bekend makke wat der dit jier allegear op it Greidhoek’ Festival spylje sil en is ek it tema út de doeken dien; ‘Make Love not Wâl’. De meast yn it each springende akt op it festival is Claw Boys Claw. Al 6 kear útnoege en no eindelijk strikt. It festival begjint op sneon 9 septimber om 16.00 oere mei blues fan Jaap Prins mei Roadhouse mei dêrnei in jubileumoptreden fan Sebeare út Easterein. De besikers sille dit jier wer ferrast wurde mei úteinrinnende muzykstijlen. Sa is der de necropop fan Douwe Dijkstra en de Sneue vertoning, hiphop fan de Anbu gang, nederpop fan The Jerry Hormone Ego Trip, gitaarrock fan de Paceshifters en opswepende ska fan Mark Foggo’s Skasters. De keunstkommisje sil him wer útlibje op it tema en komt û.o. mei in Wall of shame en dichter Lars van der Werf.
De Bobjûn wie wer tige slagge op in heerlijke jûn mei funk en blues fan de Magic Fever Band út Snits.

Logo GF 2017 lyts