Bobjûn Bob freed 31 maaie mei The Beatles Sessions!

Geplaatst op: maart 11th, 2019

Bob ’s jierlijkse Bobjûn foar frijwilligers, Boppers, OpperBoppers en OpperOpperBoppers fan it Greidhoek’ Festival sil dit jier plakfine op freed 31 maaie. 
Op dizze jûn wurdt yn de tún fan de foarsitter oan de Van Sminialeane, ûnder it genot fan in hapke en in snapke en in alderaardichst stikje muzyk fan The Beatles Sessions bekend makke wat der dit kear allegear barre sil op it Greidhoek’ Festival op sneon 7 septimber. De bands dy ’t komme te spyljen wurde dus bekend makke lykas it keunstprogramma en it tema. 
De tagong is fergees en Bob trakteart.
Alle  frijwilligers, Boppers, OpperBoppers en OpperOpperBoppers krije in útnoeging en binne oars by dizze útnoege!

Bob seit; ‘Bob nei de Bobjûn!’