Programma GF’18 bekendmakke op Bobjûn!

Geplaatst op: juni 1st, 2018

Freed 1 juny wie wer de jierlijkse Bobjûn yn it appelhôf oan de Van Sminialeane. Hjir waard bekend makke wat der dit jier allegear op it festival stean sil en fansels it tema! 
It tema fan it Greidhoek’Festival is dit jier ‘#Bobek’ mei in knypeach nei de #metoo-diskusje.
De artysten dy ’t optrede sille binne û.o. de Doe-Maar-coverband Toe Maar, ien fan Nederlâns bekendste sjonger-ferskeskriuwers Lucky Fonz III, de catchy frouljusband Fuz, de garageband Canshaker Pi, der is blues fan The Hoochies, de eigensinnige Jouster band Mosken komt, de âlde rockers fan The Amp, it grutste raptalint fan Nederlân Leafs en de jûn sil ôfslúten wurde troch Knarsetand mei in enersjyke miks fan drum ’n bass, balkan, gypsy en ska.

De keunstkommisje sil him wer útlibje op it tema en sil elkenien wer ferrasse mei in ferskaat oan aktiviteiten mei yn elts gefal in tipke fan de sluier fan teaterstik De Profylfoto fan Klaas en in mobile zeefdrukkerij. Begjin septimber komt de Op ‘e Skille yn de hiele Greidhoeke wer út mei in Greidhoek’ Festivalbylage wêr ’t jim alles oer it festival lêze kinne.

De Bobjûn wie wer tige slagge op in heerlijke jûn mei muzyk fan Sytse Haima en hearlijke hapkes fan Ytkafé Jonker Sikke út Weidum.