Mosken

Mosken bestiet út Bert Steeman, Sjoerd van Kammen, Jelte Rijpkema, Ronald van den Oudenalder en Joop Visser. Sy meitsje Frysktalige muzyk dy’t net makkelijk yn in hoekje te pleatsen is. It eigensinnige sjongen fan Bert Steeman, begelaat troch dan wer piano, dan wer ukelele of gitaar, soarget foar in ferskaat oan sfearen dêr’t Mosken it publyk yn meinimme wol. De ferskes ‘Els en Wim‘ en ‘De Keningin fan Tsjalberd’ wurde geregeld draaid by Omrop Fryslân, mar op it poadium komt de band it beste ta syn rjocht. #Bobek
Grabthembythepussy-steets: 17.05-17.45 oere

 

 

Bob seit; ‘Bob hat it pikefel no al Bob de earms!’

Oare artysten op Greidhoek' Festival